Recensie

ERNST LANGHOUT & JOHAN KEUS:"Dylan Yn It Frysk "
Live: cd-presintaasje Dylan yn it Frysk, sneon 29 maaie, Stania State Oentsjerk

Grôtfol wie de túnkeamer fan Stania State en dat de middeis fan Pinkstersnein. Der wie hast gjin trochkommen oan, mar fan bûten ôf wie in gaadlik (stean)plakje efteryn te sjen en dan mar jinsels troch de kloft minsken kringe. De rútsjes stiene iepen, dat de minsken dy 't bûten bleaune koene ek noch fan 'e sankjes genietsje. De measten sieten op stuollen as sieten op 'e grûn. Harm Wind hie de teksten fan Dylan oerset yn 't Frysk. Doe is Ernst Langhout, yn gearwurking mei Johan Keus, der mei oan 'e slach gean. Mar der bleau it net by, ek hawwe sy meardere minsken oanlutsen, om in moai fol lûd del te setten. Mei Koos van der Velde op slachwurk, ik hie him al in skoft net mear spyljen sjoen, mar hy spyljet noch hieltyd goed. Fjirder wiene der Peter Zijlstra op bas en Hans Battenberg op fioele. Neist it bekende sanglûd fan Langhout wiene by in pear nûmers de help fan de froulju Jitske Draaier, Jannie Brandsma en Dale Vansickle. Fral it nûmer 'Ienris Bin Ik Frij', wer op alle froulju op mei songen, foel tige yn 'e smaak by it publyk. Doe de set klear wie en de sprekkers dien wiene, krige de band in steande ovaasje fan de taharkers. Fansels koe in tajefte net útbliuwe en dêrtroch waard 'Ienris Bin Ik Frij' wer spile. Al mei al in slagge set, want de cd's waarden omraak ferkocht. De muzikanten wiene noch lang oan it sinjearen.

© Friesland Pop - Bouckje Geartsma, 07-06-2004

[vorige pagina]